FIDEO: Banksitte tsjin stress

19 jun 2017 - 21:33

Fjouwer studinten fan De Academie voor Popcultuur yn Ljouwert komme op ludike wize yn aksje tsjin de druk fan de prestaasjemaatskippij. Se dogge dat troch op ferskate plakken yn Ljouwert en Grins op in bank te 'relaxen'.

Troch it banksitten op iepenbiere plakken, moat it strjitbyld mear ûntspannen wurde en wurde minsken oproppen om faker in rêstmomint yn te bouwen yn harren wurkdei. De studinten wolle hjirmei it boadskip útdrage dat it libben net allinnich draait om it hawwen fan súkses.

(advertinsje)
(advertinsje)