Wettergebrûk yn Fryslân nimt eksplosyf ta

It wettergebrûk yn Fryslân nimt de lêste jierren eksplosyf ta. It is sels sa slim dat wetterbedriuw Vitens ekstra maatregels nimme moat om de taname yn de fraach oan te kinnen. De taname komt troch de ekonomyske groei yn ús provinsje. Sa binne der mear huzen boud as yn de ôfrûne jierren en ek it tal bedriuwen is tanaam.
Op it stuit wurdt de wetterwinning by Noardburgum útwreide, mar dat smyt pas nei dizze simmer de earste resultaten op. Dat betsjut dat der benammen yn de kommende simmer problemen ûntstean kinne. Der wurde in soad waarme dagen ferwachte en neffens in wurdfierder fan it wetterbedriuw kin dat op de drokke mominten soargje foar fermindere wetterdruk.