Hege temperatueren yn Fryslân

It is hyt yn Fryslân. Foar de ien in genot, foar de oar in griis. Temperatueren om de 30 graden hinne, mar foar de dakwurkers dy't mei daklear en grutte brâners oan de slach binne, rinne dy op oant wol 80 graden. Ek foar bygelyks de wurkers oan 'e dyk en de boeren op it lân wie it hjit genôch.
Yn de fersoargingshuzen lykas De Lijte yn Oerterp waarden alle maatregels naam om de bewenners ek yn dizze waarmte goed te fersoargjen. Ek al wie it nasjonale hitteplan noch net fan krêft yn Fryslân.
Wa't it oan tiid hie, socht ferkuolling ûnder de beammen, yn it swimbad of by de ijsko-karre. Ferslachjouwer René Koster kaam se fan 'e middei allegearre tsjin.