FIDEO: It iepenloftspul fan Dronryp set útein

21 jun 2017 - 06:44

Dit jier spilet Iepenloftspul Dronryp it stik ‘Manon’, in bewurking op de twalûk Jean de Florette en Manon des Sources fan de Frânske skriuwer Marcel Pagnol. It stik wurdt opfierd oan ‘e Haven yn Dronyp. Hjoed set it iepenloftspul Manon útein.

Manon fertelt it ferhaal fan in famke dat mei har heit en mem út ‘e stêd ferhuzet nei it plattelân. De heit fan Manon, Jean de Florette, is in bochelde belestingûntfanger. Hy hat in pleats yn de bergen dêr't er buorkje wol. Mar de rike heareboer Papet Soubeyran en syn neef Ugolin hawwe ek harren each falle litten op datselde plak. Sy beslute om stikem de wetterboarne op it hiem fan Jean ticht te mitseljen, wêrtroch't it takomstplan fan Manon en har famylje op dramatyske wize mislearret. As dan nei tsien jier de wierheid foar it ljocht komt, nimt Manon it heft yn eigen hannen en wol se it hiele doarp wreke foar it ûnrjocht wat harren oandien is.

Omrop Fryslân jout dit seizoen ekstra omtinken oan alle iepenloftspullen yn Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje op de spesjale iepenloftspulside. Op dy pagina binne ek eksklusive filmkes te finen oer it stik, de lokaasje en fansels de hûnderten frijwilligers yn alle doarpen, dy’t spikerhurd wurkje om de moaiste stikken op de planken te bringen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)