Oarsaak brân Ljouwert: pantsje mei oalje op it fornús

© CAMJO Media
De brân fan moandeitemoarn betiid yn it studintehûs yn Ljouwert wêrby't in 22-jierrige man om it libben kaam, is ûntstien troch in pantsje mei oalje dat op it fornús stie. Dat hat de forensyske resjerzje sein.
Op it stuit fan de brân wienen der fjouwer minsken yn it hûs. Trije bewenners koene der op 'e tiid útkomme, sy waarden wekker fan de reekmelders dy't it hûs hie. Der wiene ek koolmonoksidemelders. De fjirde bewenner waard troch de brânwacht yn de wenkeamer fûn. Se ha besocht him te reanimearen, mar dat wie doe al te let.
It hûs foldie oan de easken fan de brânfeilichheid, seit boargemaster Crone.