Knipepunt yn Boontjes oanpakt

De slimste knipepunten yn fargeul Boontjes by Harns wurde op koarte termyn oanpakt. Dat ha deputearre steaten witte litten op fragen fan de VVD. Dy woe opheldering oer berjochten dat it útdjipjen fan de fargeul fertraging oprint. Neffens deputearre steaten is dy fertraging der wol, mar wurde de knipepunten sa gau as mooglik ferbettere. It befarber hâlden fan fargeul Boontjes is fan belang foar de haven fan Harns.