Grouster krijt wurkstraf foar himpkwekerij yn hûs

Stockfoto © Kappers Media
In frou út Grou hat in wurkstraf fan fyftich oeren krigen omdat se talitten hat dat der in himpkwekerij yn har hûs rund waard. De frou wie troch ûnbekenden benadere/ Se woe net sizze om wa't it giet. Se wie akkoart gien mei de oanlis fan de kwekerij, omdat se der jild foar krije soe. Dat koe se goed brûke, omdat se ûnder finansjeel tafersjoch stie.
Neffens de rjochter wie se mei ferantwurdlik oan de saak, ek al hat se der net aktyf mei oan de gong west.