FIDEO: Organisaasje slút Oerol Festival 2017 tefreden ôf

19 jun 2017 - 15:20

De 36e edysje fan Oerol sit der op. It teäterfestival op Skylge waard sneintejûn ôfsletten op it Griene Strân. Dizze edysje fan Oerol kin rekkene wurde ta ien fan de meast suksesfolle út de skiednis: mear as 50.000 besikers, 120.000 ferkochte tagongskaarten en 90 persint publyksbesetting by de foarstellingen. Ferslachjouwer Hayo Bootsma prate mei in hiel tefreden Marelie van Rongen, festivaldirekteur fan Oerol.

(advertinsje)
(advertinsje)