Soargen oer lawaai strieljagers

19 jun 2017 - 15:13
F16 Falcon - Foto: ANP

GrienLinks yn Provinsjale Steaten makket him soargen oer it leven fan strieljagers boppe Ljouwert en it westlik part fan Fryslân. Op it stuit is der ekstra leven, omdat der al moannen in training foar wapenynstrukteurs oan de gong is. Minsken dy't om de fleanbasis hinne wenje kleie oer de oerlêst, seit GrienLinks.

De fraksje trúnt der op oan dat it leven fan de strieljagers metten wurdt, yn stee fan berekkene, omdat dat in oare útkomst jout. Yn de Twadde Keamer is dêr ek in moasje oer oannaam.

(advertinsje)
(advertinsje)