‘’De natuer bringt ús ta swijen, sa oerweldigjend’’

23 jun 2017 - 06:22

Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Bart Kingma praat jûn yn it nachtlike onlineprogramma ‘Fiel de Nacht’ mei boargemaster Bearn Bilker. Fan 21.00 oant 6.00 oere belibje sy teagearre de nacht op in unike lokaasje op It Amelân; middenyn de dunen fan It Oerd fan It Fryske Gea. Wy stelden fiif fragen oan Bearn.

Wêrom dochsto mei oan Fiel de Nacht?
‘’Ik doch mei om’t ik it ferskriklik fyn om in hiele nacht lang op bliuwe te moatten. De grutste fraach is dus eins: hoe sil dit gean?’’

Hoe sjocht dyn ideale nacht derút?
‘’Ideale nacht? As ik net sliepe kin, dan lis ik te lêzen... Of ik ferwûnderje my oer de natuer, as it folle moanne is of wat ljocht lykas no. De natuer bringt ús ta swijen, sa oerweldigjend.’’

Hoe riedsto dy ta op de nachtlike petearen mei Bart?
‘’Ik ried my ta op de petearen troch der sa no en dan oer nei te tinken. In foarpetear mei ien fan de programmamakkers hat in bulte fertuten dien. Ik bin bang dat ik in soad fertelle wol, miskien wol tefolle, dus ik moat my wat bedimje. Dat sil Bart wol yn de gaten hâlde tink ik.’’

Nimsto ek eat spesjaals mei nei It Amelân?
‘’Ja, wat favorite boeken en grif myn favorite muzyk! Oft it no ‘Que sera sera’ fan Doris Day is of de deiboeken fan steedhâlder Willem Frederik, oeral is in ferhaal by.’’

Minsken prate faak oer dei of nachtminsken. Hoe sit dat by dy?
‘’Ik bin in deiminske. Jûns wurdt it al gau minder. Ik ha in soad sliep nedich, dus dit sil wat wurde…’’

Fiel de Nacht is fan 19 o/m 23 juny alle dagen fan 21.00 oant 6.00 oere fia in livestream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app te sjen. Sjoch foar mear ynformaasje oer it programma en de gasten op: Omropfryslan.nl/fieldenacht. De gasten binne, op gronologyske folchoarder: presintator Marijke Roskam, âld-follyballer Jan Posthuma, Zenmaster Rients Ritskes, stimkeunstneres Greetje Bijma en boargemaster Bearn Bilker.

Trefwurden: 
Fiel de nacht Bearn Bilker
(advertinsje)
(advertinsje)