Ynwenners Tytsjerksteradiel moatte better ôffal skiede

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel moatte folle krekter wurde mei wat se fuortsmite en hoe't se dat dogge. Dat wol it gemeentebestjoer. De ynwenners smite alle jierren tusken de 130 en de 150 kilo smoargens yn de grize kontener. Dat moat werom nei 30 kilo, stelt it Ryk. Om de minsken safier te krijen, wol Tytsjerksteradiel se der sels mear oer neitinke litte mei in enkête en in klankboerdgroep.
"We dogge it eins al hartstikke goed, want de measte gemeenten sitte gemiddeld heger", sa seit wethâlder Houkje Rijpstra fan de gemeente Tytsjerksteradiel. "Mar it kin better." Neffens de wethâlder bedarret der noch in soad griente-, fruit- en túnôffal yn de grize kontener. Ek wurdt der noch faak glês en papier yn smiten. "Dat is gjin ôffal, mar eins grûnstoffen dy't wer hiel goed brûkt wurde kinne om nije produkten fan te meitsjen. Ien fan ús doelstellingen is dan ek om it skiedingspersintaazje flink omheech te krijen."