‘’Soms tink ik: o ja! Dat moat ik ûnthâlde om te fertellen’’

20 jun 2017 - 06:34

Prate oer it libben, stil wêze fan de natuer, pikerje oer it tsjuster en dreame oer de nije dei. Bart Kingma praat jûn yn it nachtlike onlineprogramma ‘Fiel de Nacht’ mei âld-follyballer Jan Posthuma. Fan 21.00 oant 6.00 oere belibje sy teagearre de nacht op in unike lokaasje op It Amelân; middenyn de dunen fan It Oerd fan It Fryske Gea. Wy stelden fiif fragen oan Jan.

Wêrom dochsto mei oan Fiel de Nacht?
‘’Myn dielnimming oan ‘Fiel de Nacht’ komt fuort út is nijsgjirrigens en de leafde foar it waad. Fierder sprekt it konsept my ek hiel bot oan.’’

Hoe sjocht dyn ideale nacht derút?
‘’De ideale nacht fynt foar my plak op in moaie lokaasje mei famylje en/of freonen. Dêr heart dan in fantastysk útsjoch oer it wetter of oer in iepen field by. It waar moat ek goed wêze: sa dat je yn in koarte broek rinne kinne.’’

Hoe riedsto dy ta op de nachtlike petearen mei Bart?
‘’Soms tink ik: ‘o ja! Dat moat ik ûnthâlde om te fertellen.’ Mar eins lykas foar in wedstriid lit ik it gewoan op my ôfkomme.’’

Nimsto ek eat spesjaals mei nei It Amelân?
‘’Utsein fan de standert dingen nim ik in lekker waarm fest mei en in fierrekiker. Miskien komt der noch wat by as ik tink dat it yn de tas past en it doel hat.’’

Minsken prate faak oer dei of nachtminsken. Hoe sit dat by dy?
‘’Dêr kin ik hiel koart oer wêze: ik bin gewoanwei in wier deimins.’’

Fiel de Nacht is fan 19 o/m 23 juny alle dagen fan 21.00 oant 6.00 oere fia in livestream op Omropfryslan.nl en de Omrop-app te sjen. Sjoch foar mear ynformaasje oer it programma en de gasten op: Omropfryslan.nl/fieldenacht. De gasten binne, op gronologyske folchoarder: presintator Marijke Roskam, âld-follyballer Jan Posthuma, Zenmaster Rients Ritskes, stimkeunstneres Greetje Bijma en boargemaster Bearn Bilker.

Trefwurden: 
Fiel de nacht Jan Posthuma
(advertinsje)
(advertinsje)