UPDATE: Treinen tusken Ljouwert en Starum ride wer

© Omrop Fryslân
Reizgers mei de trein tusken Ljouwert en Starum moasten moandeitemiddei rekken hâlde mei flinke fertraging. Op it trajekt tusken Snits en Starum wie in skoft gjin treinferkear mooglik, as gefolch fan in defekte spoarbrêge by Warkum oer it Klifrak. De ekstra reistiid wie mear as in oere.
Om healve twaen hinne wienen de problemen foarby en koenen de treinen wer ride. Arriva hie bussen ynset om de reizgers dochs op harren bestimming te krijen.