Gaslek by wurksumheden yn Beetstersweach
By wurksumheden oan de Achter de Hiemen yn Beetstersweach is moandeitemoarn in gaslek ûntdutsen. De gaslucht wie strjitten fierderop te rûken. De strjitte is ôfsletten en guon wenningen binne ûntromme.
Meiwurkers fan enerzjybedriuw Enexis binne dwaande it lek ticht te meitsjen. De brânwacht hâldt de situaasje yn de gaten.