Skilderij Titus Brandsma ûntbleate

26 okt 2011 - 14:44

In bysûnder skilderij fan Titus Brandsma is woansdei yn Boalsert ûntbleate. It oaljeferveskilderij is in proefportret dat ein jierren tritich makke is troch de Hongaar Ferenc Lászlo Hernady. Yn dy tiid wie Brandsma heechlearaar op de katolike universiteit fan Nijmegen. It echte portret is by in bombardemint yn de oarloch ferlern gien. It Titus Brandsmamuseum kocht dit doek fan in priveesamler. It is oant heal novimber te sjen. Dêrnei wurdt it restaurearre.

(Advertinsje)
(Advertinsje)