Deade man fûn op strjitte by Súdvliet yn Ljouwert
Oan it Súdvliet yn Ljouwert is moandeitemoarn betiid in deade man op strjitte fûn. It giet om in ûnbekende man. It stoflik omskot is foar ûndersyk oerbracht nei it mortuarium.
De plysje kin noch neat sizze oer de dea-oarsaak en hâldt alle senario's iepen. It kin dus gean om in natuerlike dea, mar in misdriuw wurdt ek net útsletten.