Lieuwe Westra stapt wer op de fyts

Lieuwe Westra begjint wer mei hurdfytsen. Net yn it profsirkwy, mar by Cycling Team Fryslân. Westra makke yn jannewaris bekend dat hy ophold mei hurdfytsen. Mei troch in depresje koe hy it net mear opbringe. De lêste moannen krûpt Westra wat út syn depresje. Sa hat hy al meidien oan in hurdrinwedstriid en in triatlon.
Cycling Team Fryslân is yn 2016 oprjochte om it Fryske hurdfytsen opnij op 'e kaart te setten. In soad hurdfytsers gongen nei ploegen bûten de provinsje en mei dit team wolle se mear goede Fryske hurdfytsers benammen kriteariums yn Noard-Nederlân ride litte. Westra sil snein 25 juny meidwaan oan de Noordenveld Westerkwartier fiif dagen yn de provinsje Grinslân.
Yn it Cycling Team Fryslân ride Frank Wierstra, Andries Weening, Henk Bos, Ruben Hoekstra, Taeke Oppewal en Marc de Bruin.