Meifaller Opsterlân: gemeente hâldt 1,3 miljoen euro oer

19 jun 2017 - 10:24
It gemeentehûs fan de gemeente Opsterlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente Opsterlân hat oer de jierrekken fan 2016 hast 1,3 miljoen euro oerhâlden. Dat komt benammen troch meifallers op sosjale saken en by de ynkommensregelingen. Dêrneist hat de gemeente ynsidinteel jild oerhâlden mei de ferkeap fan oandielen Enexis en gemeentlike gebouwen.

Opsterlân hat yn 2016 foar mear as 8 miljoen euro ynvestearre, ûnder oare yn it rekreaasjegebiet Dúnsân yn Bakkefean en it sintrum fan De Gordyk. De gemeenteried praat op 3 july oer de jierrekken.

Trefwurden: 
Opsterlân jild gemeente
(advertinsje)
(advertinsje)