Kollum: ''Break a leg''

19 jun 2017 - 08:01

''No sneon organisearje wy de earste edysje fan ús Alle om Slachte Kuier. In kuiertocht fan 10 of 21 kilometer lâns de moaiste plakjes yn en om Aldegea. Bedoeld foar de fanatike kuierders dy’t al yn training binne foar de grutte Slachte Maraton takom jier. De ôfrûne tiid ha wy it smoar drok mei de organisaasje. Ik dream der sels nachts al oer. Oer minsken dy't stroffelje en dan poerrazend by my oanklopje mei brutsen hannen en fuotten en raze dat se jild sjen wolle. Want tsjintwurdich kinst alles claime.

Mei ferbjustering lêsde ik twa wike lyn it artikel yn de Ljouwerter Krante oer de Fytsalvestêdetocht. Dizze organisaasje hat mar leafst twa advokaten yn de earm naam foar it yndekken tsjin alle claims fan minsken dy't ûnderweis falle of skea oan de fyts krije. As foarbyld neamde foarsitter Stephan Rekker in fytser dy't ûnderút gong wie oer in putdeksel. It ding stuts oardel sentimeter boppe it asfalt út. En soks heart net. Dus claime dy hannel. De fytser hie noch mar krekt mei syn sêfte poepertsje it asfalt rekke, of de organisaasje fan de Fytsalvestêdetocht hie al in claim oan de kont. Net te leauwen.

Dy kultuer fan ‘Oe, der is my wat oerkaam: kin ik der ek jild útslepe?’ is oerwaaid út Amearika. Dêr kinst organisaasjes, bedriuwen en de oerheid al jierren foar de gekste dingen oanklage en it fel oer de earen lûke. De meast bekende smartejild-claim is wol dy fan Stella Liebeck. Sy bestelde yn 1992 in kop kofje by McDonalds wylst se yn de auto yn de McDrive siet. Per ûngelok liet se de hite kofje oer har hinne falle. Dêrby rûn se brânwûnen op. En ek al wie it har eigen skuld, toch claimde se mar leafst 2,9 miljoen dollar fan de fastfoodketen.

Of de saak út 2014, wêryn’t de Amerikaanse widdo Cynthia Robinson in grutte tabaksfabrikant oanklage foar de longkanker dêr’t har man oan ferstoarn wie. De bêste kearel smookte al sûnt syn trettjinde en rikke deis mear as de skoarstien fan de Rendac yn Burgum, mar neffens syn frou hie er noait witten dat smoken ferslavend wie. Dus moast der jild op it matsje komme.

En ek hjir yn Nederlân ha wy der sa stadichoan in hantsje fan om alles dat ús oerkomt mar te claimen. Nim de frou út it Brabânske plakje Heusden, dêr't yn 2006 de Postcode Kanjer foel. Acht bewenners yn de Hoogstraat wiene yn ien klap miljonêr. Dizze frou net, om't se gjin lotten kocht hie. Gjin lotten, dus gjin priis. Logysk. Mar toch klage se de Postcodeloterij oan foar ‘psychyske skea’, dy't se oprûn hie troch it nét winnen fan de lotterij.

Of de man dy't yn 2013 meidie oan de bekende televyzjeshow Miljoenenjacht. Hy stie yn de finale en lei op ramkoers om de haadpriis fan 5 miljoen binnen te slepen. Mar in the heat of the moment drukte er 'per ûngelok' op de reade knop. Dêrmei wûn er in knappe priis fan 125.000 euro, mar seach de haadpriis fan 5 miljoen oan syn noas foarby gean. Jawis, hy drukte sels op de reade knop. Mar dat gong ‘per ûngelok’. Hy hie eins trochspylje wollen. De notaris fan de show wie ûnferbidlik. Drukt is drukt. En dus klage dizze man de Miljoenenjacht oan foar syn ferlerne 5 miljoen.

Der hoecht dy tsjintwurdich mar in skeet dwers foar de kont te sitten en wy tsjinje al in claim yn. Mar minsken: shit happens. Sa simpel is it no ienkear. Soms hast gewoan stomme pech. Pech is altyd stom, mar per definysje iets dat dy oerkomt sûnder datst der sels wat oan dwaan kin. It is dan ek in kwestje fan falle en wer opstean. Fan efkes bale en wer foarút sjen. Fan ynvestearje yn de takomst, yn plak fan jild claime foar dyn needlot.

Der sit foar ús as organisaasje fan de kuiertocht neat oars op as hoopje dat de kuierders dit wykein by in putdeksel krekt de poat efkes oardel sentimeter heger optille. Want by ús stiet der gjin legerke oan juristen klear. Dus foar elkenien dy’t meidocht no sneon: toi, toi, toi. Of sa’t se yn artystelân sizze: Break a leg!''

(Advertinsje)
(Advertinsje)