Provinsjes sykje al personiel foar mooglike Tesla-fabryk

19 jun 2017 - 07:30

De trije noardlike provinsjes wolle faker mei-inoar gearwurkje om bedriuwen út it bûtenlân dizze kant op te heljen. Fryslân, Grinslân en Drinte besykje no al om autobedriuw Tesla safier te krijen in nije megafabryk yn Noard-Nederlân te bouwen. Dy fabryk wurdt like grut as hûndert fuotbalfjilden. Dat soe 10.000 banen opsmite moatte. En ek al hat Tesla noch neat tasein, de kampanje foar nij personiel is al begûn. Minsken dy't in baan by it autobedriuw ha wolle, kinne har oanmelde. Sa wolle de provinsjes sjen litte dat der hjir genôch personiel te finen is.

Personiel

"Een van de grootste uitdagingen voor bedrijven zoals Tesla is het vinden van gekwalificeerd personeel", seit deputearre Patrick Brouns fan Grinslân. "Je kan heel veel argumenten hebben waarom een bedrijf zich in jouw regio moet vestigen, maar als je geen personeel kan leveren, houdt het op. Wij hebben hier veel talent. Dus hebben we bedacht om dat probleem alvast voor ze op te lossen."

Neffens ûntwikkelingsmaatskippij NOM binne der noch trije oare bedriuwen dy't mooglik nei Noard-Nederlân komme wolle.

Trefwurden: 
Tesla Fryslân fabryk bedriuw
(Advertinsje)
(Advertinsje)