Man (22) om it libben kaam nei brân yn studintehûs Ljouwert

By de brân yn it studintehûs yn de Emmanuel Murandstrjitte is moandeitemoarn betiid in 22-jierrige man om it libben kaam. De man waard út de wenning helle en nei it sikehûs brocht, mar dêr is er oan syn ferwûnings ferstoarn. In twadde bewenner fan it pân is ferwûne rekke, oaren koenen op 'e tiid út it gebou komme.
Yn totaal rûnen fiif hûzen in soad skea op by de brân. Dy binne net bewenber troch brân, reek- en wetterskea. Foar de oare bewenners is opfang regele. De plysje docht ûndersyk nei it ûntstean fan de brân.