Hans Wassenaar fuort by Bergsma en Drent

18 jun 2017 - 22:17

Nei de frije formaasjepartij fan snein yn Sint-Jabik binne ferskate partueren oer de kop gien. PC-kening Hans Wassenaar stapt op by syn maten Marten Bergsma en Dylan Drent. Hy wurdt no achterynse by Enno Kingma en Renze Pieter Hiemstra.

Foar achterynse Hendrik Kootstra betsjut dit dat hy fierder giet mei Bauke Triemstra en Alle Jan Anema. De achterynse fan dit partoer, Patrick Scheepstra, wurdt de nije achterynse by Marten Bergma en Dylan Drent.

De feroarings binne nei alle gedachten it gefolch fan it teloarstellend resultaat fan de partueren.

Trefwurden: 
keatsen Hans Wassenaar
(advertinsje)
(advertinsje)