Epke: "Supergoed wykein mei mar fjouwer wiken trainen"

18 jun 2017 - 21:11

"Ik wurd leaver earste, mar hie dochs in supergoed wykein", sei Epke Zonderland tsjin Omrop Fryslân nei syn twa twadde plakken fan snein op it NK turnjen yn Rotterdam.

Langer opbouwe

"Juster haw ik in strakke oefening turne op de brêge en hjoed haw ik der in elemint by dien. Dat is wol folle dreger, en dan sitte der wat foutsjes yn. Juster wie myn oefening op de rekstôk eins wat sleau. Hjoed wie myn doel it better te dwaan en dat gie goed. Ik bin hiel bliid. Fansels, myn oefening op rekstôk is net sa folslein. Ik haw der wat útlitten fanwege myn rêch. Dêrfoar moat ik wat langer opbouwe kwa krêft."

Fjouwer wiken is te koart

"Wat flechteleminten oanbelanget, kin der noch in dikke punt by. Mar dat wol ik no noch net dwaan. Ik wol stapkes meitsje, derfoar soargje dat de útfiering goed is en dan opbouwe nei de dregere oefeningen. Dan is fjouwer wiken gewoan te koart. Dan moatst fjouwer moannen hawwe."

Staazje

Epke traint no sûnt fjouwer wiken folút. Dêrfoar hie er oerdeis staazje en die er yn de jûnsoeren in koarte training. Dat wie genôch om in soart basisnivo te hâlden. Fjouwer wike ferlyn begûn Epke wer mei it echte trainen. "Ik bin bliid dat ik hjir no al stean. Dat is in goed nivo. Mar it nivo yn Nederlân is no sa heech datst mei inkeld in basistraning net mear earste wurdst."

Fit foar WK

"Yn de begjinperioade kinst traine op losse eleminten, mar moatst op in stuit wol dyn hiele oefening kinne. Ast fan losse eleminten oergiest op it trainen fan in folle oefening, hast mear kâns op blessueres. As ik dan dêrnei mei in seare rêch thússit, dan hat dat gjin sin. Ik moat it rêstich opbouwe. Moatst dysels wol ôfremje, want ik wol leaver fol oan de bak. Mar sa moat it. Yn oktober moat ik der wol stean op it WK yn Montreal. Dan moat ik fit wêze."

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen NK
(advertinsje)
(advertinsje)