Konst: PvdA moat net meidwaan oan nij kabinet

18 jun 2017 - 20:06

De PvdA moat net meidwaan oan in nij kabinet. Foarsitter Hans Konst fan de PvdA Fryslân stipet dêryn syn polityk lieder Lodewijk Asscher.

Dochs nimt de druk op de PvdA ta, no't in kabinet mei GrienLinks mislearre liket. Foaral D66 hat graach de PvdA derby, sa seit ek de foarsitter fan de Fryske D66, Magda Berndsen.

De lanlike foarsitter fan de ChristenUnie, âld-deputearre en Fries Piet Adema, seit ek te ferwachtsjen dat de PvdA op iennich momint dochs meiprate sil oer de formaasje fan in nij kabinet. 

(advertinsje)
(advertinsje)