Partueren Tuinenga en Kingma winne yn Sint-Jabik

18 jun 2017 - 18:32

Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra hawwe sneintemiddei de frije formaasjepartij yn Sint-Jabik wûn. Yn de finale lieten se fan harren grutste konkurrinten Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra achter harren. By 5 om de 3 en 6-4 kaam de ein troch in boppeslach fan Manon Scheepstra. Sy waard ek útroppen ta keninginne fan de partij.  De tredde priis wie foar Nynke Sinnema, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia. It wie foar Tuinenga en dy de twadde oerwinning fan it seizoen. 

By de manlju wûnen Enno Kingma, Pier Piersma en Jouke Bosje ferrassend. Yn in prachtige finale fersloegen sy mei 5 earsten gelyk en 6-4 it partuer Menno van Zwieten, Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra. Op dy stân sloech Hylke Bruinsma de bal kwea út. De tredde priis wie ferrassend foar Johan Diertens, Sip-Jaap Bos en Jelle Jaap Stiemsma. Sy ferlearen yn de heale finale mei 5-1 en 6-2 fan Menno van Zwieten en dy.

Enno Kingma, de opslagger út Ljouwert, waard ta kening fan de partij útroppen. 

Trefwurden: 
keatsen Sint-Jabik
(advertinsje)
(advertinsje)