"Puberjende seemokken" ite jonge fûgels op op It Amelân

18 jun 2017 - 18:02
De Feugelpôlle oan de Amelanner Waadkust

Op it Amelân binne op de Feugelpôlle sawat alle jongen en nêsten fan de trijetûzen briedende spantsjes klikstirnsen opfretten. Dat lit boskwachter Marjan Veenendaal fan Steatsboskbehear witte yn it blog fan de natoerbehearder.

Troch de simmerstoarm fan 6 en 7 juny binne in soad kobbenêsten fuortspield. Omdat dy soarte hiel fûl harren nêsten ferdigenet, hienen de klikstirnsen earst net in soad lêst fan rôvers lykas de lytse sjouwerman of de sulvermiuw. No’t dy ferdigening fuort is, is it hielendal mis. In ploech fan tweintich oan’t fjirtich jonge sulvermiuwen en lytse sjouwermannen hat stadichoan sa goed as alles opfretten op de pôlen. ‘Puberjende seemokken’, neamt Veenendaal de fûgels.

(advertinsje)
(advertinsje)