Michel Bletterman Nederlânsk kampioen op brêge

18 jun 2017 - 17:46

Michel Bletterman fan Ljouwert is snein op it NK turnjen yn Rotterdam Nederlânsk kampioen wurden op de brêge. Bletterman hie Rio op in sneue wize mist. Hy siet yn it team dat him pleatste, mar mocht net mei omdat de spesjalisten gruttere medaljekânsen hienen. Dat wie in teloarstelling foar him. Bletterman hat him no ta doel steld om yn 2020 Olympysk goud te heljen op de brêge. Op foltiizje waard er snein twadde.

"Dit is de eerste keer dat ik Epke Zonderland heb verslagen", sei Bletteman nei de wedstriid. "Het voelt heerlijk. Zo hoort het. Hier en daar zijn er wel wat verbeterpunten. Bij één element raakte ik de grond, maar ik heb het goed afgemaakt. En nog een stapje bij de afsprong. Maar, het ging goed. Dit is mijn basisoefening, relatief gemakkelijk. Voor de Olympische Spelen moet de moeilijkheidsgraad omhoog, zodat je kans hebt op een medaille."

Epke Zonderland is tefreden oer syn prestaasjes op it NK turnjen yn Rotterdam. Sawol op brêge as op de rekstôk waard er twadde. Kwa dregens turne er wol heger, mar de útfiering wie noch net sa't it wêze kin. Zonderland is pas fjouwer wiken folslein oan it trainen. Wylst de oare turners trochtrainden, keas Epke derfoar him nei de Olympyske Spullen earst te rjochtsjen op syn stúdzje. Hy hat staazje rûn en dêrom wie dit NK pas wer syn earste wedstriid nei Rio.

Rick Jacobs fan Ljouwert wie de tredde Fries dy't yn aksje kaam op de tastelfinales op it NK turnen yn Rotterdam. Op ringen waard er tredde.

By de froulju dienen gjin Friezen mei. De topturnsters fine dat dit NK net yn harren trainingskema past. Se rjochtsje harren op it WK, begjin oktober yn Montréal.

(advertinsje)
(advertinsje)