EuroParcs: "It Amelân leit foar in grut part boppe Grinslân"

18 jun 2017 - 17:25
Screenshot filmke Resort Ameland

In wervingsfilmke fan EuroParcs om klanten te krijen foar Resort Ameland ropt argewaasje op. Der wurdt nammentlik sein dat It Amelân foar in grut part boppe Grinslân leit. "Ameland is met zijn ligging tussen Terschelling en Schiermonnikoog grotendeels gelegen boven de provincie Groningen, maar het hoort bij Friesland.” Wat fierders opfalt is dat de tekst op guon plakken net oerienkomt mei de bylden. As der praat wurdt oer 'uitzicht op de Waddenzee' is de Noardsee te sjen. It park mei lúkse fakânsjehúskes sit op it plak fan it eardere Boomhiemke yn Hollum.

Jeanet de Jong fan Persbureau Ameland is yn in kollum op har site min te sprekken oer it filmke. "Hier is een tekstschrijver aan het werk gegaan die nog nooit een voet op het eiland heeft gezet. Als je nog nooit op de Waddeneilanden bent geweest en je moet een tekst schrijven over dat gebied, pak dan in ieder geval Google Maps er even bij. Dan kun je zien boven welke provincie het eiland 'grotendeels' ligt, skriuwt De Jong.

(advertinsje)
(advertinsje)