Fierljeptoppers sitte deun op inoar yn It Heidenskip

De topklassers hawwe der sneon yn It Heidenskip in tige spannende striid fan makke. It ferskil tusken de winner en de nûmer fiif wie mar 27 sintimeter. Age Hulder wûn úteinlik mei 19.85, twa sintimeter foar Ysbrand Galama (19.83). It tredde plak wie foar Sytse Bokma (19.80), Nard Brandsma waard fjirde (19.69) en Hannes Scherjon pakte it fiifde plak mei 19.58 meter.
By de junioaren gie de winst nei Jan Teade Nauta mei 18.79, wylst syn jongere broer Wietse Naute mei in nij pr fan 18.21 de titel by de jonges pakte. By de froulju wie Marrit van der Wal oppermachtich: 16.40. Anneke Broersma waard twadde mei 14.74. De titel by de famkes gie nei Tirza Boschma mei in sprong fan 13.77 meter
Yn de oergongsklasse gie de titel nei Jos Bethlehem út Drylts. Hy ljepte in knap nij pr fan 18.11 meter.