Oerol begint mei stoarm en einiget mei grut dûnsfeest

De organisaasje fan Oerol kin mei tefredenheid weromsjen op de edysje fan dit jier. Mei-inoar kamen der goed 50.000 besikers nei it festival op Skylge. Dy bleaunen yn trochsneed fiif dagen. Dêrmei is Oerol fierwei it súksesfolste teäterfestival fan Europa, seit algemien direkteur Marelie van Rongen. Dy besikers fan dit jer kochten 120.000 tagongskaarten en by dy foarstellings wie goed 90% fan de plakken beset. Net earder waarden de foarstellings fan it Oerolfestival sa goed besocht. Van Rongen is mear as tefreden mei dit resultaat. Se kin net betinke wat dit jier oars kinnen hie, útsein de stoarm oan it begjin fan it festival.
Oerol wurdt sneintejûn by sinne-ûndergong ôfsluten mei in grut dûnsfeest op it Griene Strân.