Dútske ûnderskieding foar Zonderland, Wevers earelid KNGU

18 jun 2017 - 13:39

Epke Zonderland en Sanne Wevers binne snein yn it sintsje set op it NK turnjen yn Rotterdam. Zonderland krige in bysûndere Dútske ûnderskieding: de Flatow-medalje. It is de earste kear dat dy oan in net-Dútske sporter útrikt is. De medalje is neamd nei de bruorren Flatow, twa Dútske turners. Omdat se Joadsk wiene binne se yn de Twadde Wrâldoarloch fermoarde yn in konsintraasjekamp.

Sûnt 2009 rikt it Dútske bûn dizze medalje ien kear yn de fjouwer jier út oan in sporter fanwege syn foarbyldgedrach en yntegriteit yn de sport. Epke fynt it hiel bysûnder dat hy dizze medalje krigen hat, sa sei er op it NK yn Rotterdam.

Earelidmaatskip

Sanne Wevers krige snein it earelidmaatskip fan de KNGU. Se makke ek bekend dat se ambassadeur wurdt foar de Stichting Jeugd Sport Fonds.

(advertinsje)
(advertinsje)