Mear brúnfisken spiele oan

26 okt 2011 - 14:56
Brúnfisk - Foto: ANP

In rekôr tal brúnfisken is oanspield oan de Nederlânske Noardseekust. Dat seit Keijl fan Naturalis yn Leiden. Lanlik binne al mear as 730 brúnfisken oanspield. Dizze walfiskesoart is tige beskerme. Al jierren besykje ûndersikers út te finen wêr't de oanspielde brúnfisken oan stjerre. Yn Fryslân wurde de bisten benammen fûn op de Waadeilannen. Naturalis ropt minsken op te melden as se in deade brúnfisk op de Waadeilannen fine. Dat kin op www.walvisstrandingen.nl.

(Advertinsje)
(Advertinsje)