Drachtster rydt mear as 70 kilometer te hurd op A7

18 jun 2017 - 13:10

In 38-jierrige automobilist út Drachten moast sneon syn rydbewiis ynleverje, omdat er mear as 70 kilometer te hurd ried op de A7. De plysje klokte 202 kilometer yn 'e oere, dêr't 130 it maksimum is. By de kontrôle by ûnder oare it klaverblêd fan Drachten hat de plysje yn totaal 45 kear proses-ferbaal opmakke en fan trije bestjoerders is it rydbewiis ôfpakt.

Der wiene mear as tritich bekeuringen foar te hurd riden. Ek wienen der boeten foar it beljen yn de auto, te tsjustere autoruten en it riden op in swiere motor, wylst de bestjoerder dêr net it rydbewiis foar hie. Ien bestjoerder waard betrape op meardere oertrêdingen.

(advertinsje)
(advertinsje)