Marloes Frieswijk soarget foar Frysk sukses yn kuorbalfinale

18 jun 2017 - 12:43

Yn de fjildkuorbalfinale tusken LDODK en Blau Wyt Amsterdam gienen de Friezen mei 22-12 ûnderút. Dochs wie der ek Frysk sukses, want Marloes Frieswijk fan Wolvegea spilet sûnt dit seizoen by Blau Wyt. Frieswijk spile har hiele kuorballibben by SCO, mar makke fanwege de stúdzje de oerstap nei Amsterdam. It is in tige suksesfol jier foar Frieswijk, want earder stie se ek al yn de sealfinale yn de Ziggo Dome. Dy gie ferlern, mar sneon pakte se yn Bennekom har earste nasjonale titel.

(advertinsje)
(advertinsje)