Fryske brassbands yn 'e prizen op SurventoBrass

18 jun 2017 - 11:33

Yn de drokbesochte Flambou fan Surhústerfean is sneontejûn foar de njoggende kear it BrassBand Entertainment Festival SurventoBrass hâlden. Sân orkesten kamen foar it fuotljocht om te striden foar de prizen. Se waarden net allinne beoardiele op de muzikaliteit mar ek op it ferdivedaasjegehalte.

De sjuery besteande út de diriginten Arnaud Oosterbaan, Piet van der Heide en pianiste Clara Rullman wiisden yn de C-kategory Looft den Heer fan Bitgummole oan as winner. De solistepriis yn dizze C-groep wie foar Harmke Groen fan Euphonia Ternaard.

Yn de B-groep gie de entertainmentpriis nei De Lofklank fan Oerterp. De solistepriis waard wûn troch Wolter Lommerde fan AmersfoortBrass.

De heechste kategory bestie út twa dielnimmers: de Provinciale BrassBand Grinslân en AltenaBrass. De lêste naam alle te winnen prizen mei nei Noard-Brabân. Sjoch foar de komplete útslach op www.surventobrass.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)