Njoggen oanhâldingen by drugskontrôle yn Ljouwert

18 jun 2017 - 11:13

By in kontrôle yn de Ljouwerter binnenstêd binne sneontejûn njoggen minsken oanhâlden foar de hannel yn of it besit fan drugs. De plysje-aksje waard hâlden yn de Lytse Tsjerkstrjitte, op it Aldehoustertsjerkhôf en yn de Prinsetún en wie rjochte op besikers fan it Dancetour Zomerfestival. In drugshûn fan de plysje 'wiisde' de fertochten oan.

Twa fan de fertochten hienen folle mear pillen by har as tastien is. Neffens de plysje giet it om tsientallen pillen. Dizze twa fertochten binne ynsletten foar fierder ûndersyk. In 16-jierrige jonge hie ferskate pûdsjes weed by him. Dy moast er ynleverje en dêrnei is er oerdroegen oan syn âlders. Alle drugs dy't fûn binne, binne yn beslach naam en wurde ferneatige.

(advertinsje)
(advertinsje)