Agressive reizger oanholden yn trein fan Zwolle nei Ljouwert

18 jun 2017 - 10:42

De plysje hat sneontejûn in agressive treinreizger oanhâlden. De 44-jierrige ynwenner fan Den Dolder siet yn de trein fan Zwolle nei Ljouwert. Hy foel meardere froulike passazjiers lêstich. Doe't de man dêrop oansprutsen waard, begûn er te razen. De plysje waard oproppen, mar de man hold net op. Hy fersette him bot, skopte om him hinne en spuide treinpersoniel yn it gesicht. Doe't de man yn it arrestantebuske set waard, joech er ien fan de plysjes in kopstjit. 

(advertinsje)
(advertinsje)