VVD Ljouwert wol troch mei proef alkohol skinke yn winkels

18 jun 2017 - 09:54
Drankje - Foto: ANP XTRA

De VVD yn Ljouwert wol dat winkels yn de binnenstêd ek alkohol skinke meie. Der hat in proef west fan sa'n mingfoarm fan winkel en hoareka, mar dêr is, earder as de bedoeling wie, in ein oan makke. De VVD wol fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders witte wêrom. De liberalen stelle dat der gjin oerlêst west hat by de 24 ûndernimmers yn Ljouwert dy't meidienen oan de proef.

Yn 2019 komt der in wetswiziging, mar dêr wol de VVD net op wachtsje. De partij wol dat de proef trochset wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)