Drûchte: Smook- en stookferbod yn Fryske natuergebieten

18 jun 2017 - 09:28
Boskbrân (argyffoto) - Foto: ANP

Yn ferskate natuergebieten yn Fryslân wurdt warskôge foar drûchte en brângefaar as gefolch dêrfan. Under oare op de eilannen Skylge en Flylân jildt in smook- en stookferbod. Ek wurde der gjin fergunningen útjûn foar kampfjoeren. De kâns op natuerbrannen wurdt troch de oanhâldende drûchte hieltyd grutter. De ferwachting is dat de kommende perioade ek net in protte wetter falle sil. De lêste tiid hat it rêstich, waarm en sinneskynwaar west en dêrtroch is de ferdamping ek heech.

De ferwachting fan waarburo Weeronline is dat der ynkoarten ek problemen ûnstean sille yn de lânbou. It tekoart oan delslach is lanlik sjoen oprûn oant 125mm. De drûchteproblemen binne dit jier betiid begûn. Jannewaris wie al drûch, wêrnei't it yn febrewaris en maart koarte tiid wat wieter wie. April en maaie wiene wer tige drûch. Hjirtroch binne de grûnwetterstannen yn Nederlân dit folsleine jier al leger as gemiddeld.

(Advertinsje)
(Advertinsje)