Zonderland en Bletterman yn tastelfinales NK turnjen

18 jun 2017 - 08:11

Epke Zonderland sil sneintemiddei op it NK turnjen útkomme yn twa tastelfinales, rek en brêge. It NK is foar de turner de earste wedstriid sûnt de Olympyske Spelen yn Rio fan ferline jier. Elk is dan ek benijd hoe't hy it dwaan sil. Op Facebook wie dizze wike in filmke te sjen fan in training fan Epke wêryn't hy mar leafst fiif flechteleminten efterinoar docht op de rekstôk. Dat doart hy op in wedstriid noch net oan. Michel Bletterman fan Ljouwert turnet snein trije tastelfinales: brêge, flier en foltiizje.

Fantastic Gymnastics

Yn Ahoy Rotterdam binne dit wykein de Fantastic Gymnastics, nasjonale kampioenskippen yn ferskillende gymnastykdissiplines sa as trampoline, akrogym en mearkamp. Sneon wie de mearkampwedstriid. Bart Deurloo waard nasjonaal kampioen. Zonderland kaam allinne yn aksje op rek en brêge om him te pleatsen foar de finales fan snein. Op brêge turne hy de heechste skoare: 14.700. Op rek helle Deurloo krekt wat mear punten: 14.850 tsjin de 14.500 fan Zonderland.

Gjin toppers by de froulju

By de froulju binne de toppers dit wykein net fan de partij. Sanne en Lieke Wevers fine it toernoai net yn harren trainingsskema passen. Se rjochtsje har op it WK letter dit jier yn Montreal. Dat is ek de reden wêrom nasjonaal mearkampkampioene Eythora Thorsdottir dit NK oan har foarby gean lit. By de froulju stie sneon ien Friezinne op de list: Wendy de Jong fan Stiens. Se kaam yn aksje op brêge en balke, mar pleatste har net foar de finales.

(Advertinsje)
(Advertinsje)