Stienzer oanhâlden foar sedemisdriuw mei 88-jierrige frou

17 jun 2017 - 22:36

In 31-jierrige man út Stiens is sneon oanhâlden op fertinking foar belutsenens by in slim sedemisdriuw. Yn augustus 2016 waard yn in senioareflat oan it Europaplein yn Ljouwert in 88-jierrige frou slachtoffer fan in gewelddiedich sededelikt. De plysje hâlde in 39-jierrige Ljouwerter oan, mar hy hie der neat mei te krijen.

Dêrnei waard ûndersyk dien mei DNA-spoaren op de frou. Nei útsluting fan de spoaren fan famyljeleden, fersoarging en kunde, bleau der DNA fan ien spoar oer. Dat hearde net de persoanen yn de sosjale kontakten fan de frou. It NFI hat dêrnei fêststeld dat itselde DNA-profyl oantroffen waard by in earder misdriuw yn Ljouwert, Nei fierder resjersjearjen bleau der ien fertochte oer. Dy is sneon oanhâlden en ynsletten foar ferhear.

De 88-jierrige frou hat lichaamlik en geastlik noch altiid in soad lêst fan it sedemisdriuw, sa meldt de plysje.

Trefwurden: 
sededelikt Stiens
(advertinsje)
(advertinsje)