FIDEO: Moatte jo jo as keunstner oanpasse yn in diktatuer?

It is miskien wol ien fan de meast yndrukwekkende stikken dat op it Oerolfestival op Skylge spile wurdt. Yn it natoerteater De Nollekes wurdt it ferhaal ferteld fan in talintfolle selliste dy't libbet ûnder in diktatuer. Sy wol graach dat har man, in opstandich komponist, him deljout ûnder it systeem. Dan kinne se in lokkich libben hawwe. Mar dat wol er net. De komponist skriuwt in stik en dêrnei ferdwynt er.
De selliste, Dagmar Slagmolen, besiket út te finen wat der krekt bard is. Mei muzyk fan Sjostakovitsj en âlde bânopnames makket sy in rekonstruksje. Wêrom makke har man de stap fan de troch 'de partij' goedkarde muzyk nei it opstannige? Wêrom moast it allegearre krekt oars?
It ferhaal wurdt begelaat troch muzyk fan it Berlage Saxophone Quartet. Hieltyd wer fernije sy en nimme se it publyk wer in stap fierder mei yn it ferhaal.
Breaking the silence jout een goed byld fan it libben yn it eardere East-Europa. De druk dy't minsken fielden om yn de pas te rinnen en de eangst foar ferjildingsmaatregels ast it oars diest. Dat kin net sûnder de muzyk fan Sjostakovitsj. Hy slagge der yn te oerlibjen yn de Stalin-perioade. Hy hie geregeld spul mei de partij mar bleau altyd yn de Sovjet-Uny te wenjen.
Moatte jo as keunstner meigean mei de hjoeddeiske ûntjouwings, in diktatuer? Of folgje jo jo hert, ek al soarget dat foar problemen? It is in dilemma dat no noch hieltyd aktueel is. De foarstelling is letter dit jier te sjen yn de teäters.