André Zwart fan LDODK: "Wy kamen der net oan te pas"

17 jun 2017 - 21:01

"Dit wie in hiel minne finale fan ús kant. Wy binne der net oan te pas kaam. Wy koene it net wiermeitsje." Oanfierder André Zwart fan LDODK  is net bliid mei it ferlies yn de finale om de lânstitel fjildkuorbal. LDODK stie yn de earste helte op in stuit sels op foarsprong, Se krigen aardich wat kânsen, mar wist dy net te fersulverjen. By rêst stie LDODK ien punt achter. Yn de twadde helte gie it minder. LDODK koe de achterstân net mear fuortwurkje en sakke hieltyd fierder fuort. De einstân wie 12-22. 

As LDODK it oprêden hie tsjin Blau Wyt Amsterdam, hiene se lânskampioen eareklasse fjildkuorbal wurden. De ploech út Terwispel en De Gordyk hat noch it nea safier smiten. "Dat is op himsels wol in prestaasje, Mar as jo yn de finale stean, wolle jo mear. No oerhearsket noch de teloarstelling, mar oan de oare kant: Wy binne twadde fan Nederlân wurden, en dêr meie wy ek wol grutsk op wêze", seit Zwart.

Trefwurden: 
LDODK kuorbal André Zwart
(advertinsje)
(advertinsje)