Nachtlike kuiertocht mei flechtlingen yn Balk

Ynwenners fan Balk sille sneontejûn op 'e kuier mei flechtlingen út it asylsikerssintrum. Se dogge dat yn it ramt fan de Nacht fan de Flechtling. Dat is in lanlik inisjatyf dêr't op ferskate plakken in langere ôfstân kuiere wurdt om jild op te heljen foar needhelp foar flechtlingen.
Sliepfeest
Yn Balk is de kuiertocht koarter as op oare plakken: 5 km. Underweis binne der akts. Sa rint der in koar mei fan azc-froulju en Balkster froulju dat ûnderweis oefenet foar it kommende evenemin yn Balk: it 'sliepfestival' dat yn july hâlden wurdt. Njonken it koar is der ek in bouploech dwaande mei it meitsjen fan de bêden sliepfestival. Lokaasje fan it sliepfestival is it terrein njonken it azc.
Kontakten lizze
Der is net folle kontakt tusken ynwenners fan azc's en de lokale befolking, seit Janneke de Haan fan de organisaasje. It sliepfeest is bedoeld om ynwenners fan it asylsikerssintrum en de Fryske buorlju mei-inoar yn kontakt te bringen.
"Tydlik kontakt is ek weardefol"
"Minsken yn in azc hawwe der soms ek wolris ferlet fan oer harren libben te fertellen. Sy binne dan wol flechtling, mar ek folle mear as dat. It kin hiel moai wêze om yn in petear te sjen hoe't minsken yn oare kultueren libje. Ek in tydlik kontakt kin weardefol wêze. Hielendal yn dizze tiid fan Facebook kin dat kontakt gewoan fierder gean. Sa wennet bygelyks ien no yn Noard-Hollân, mar dy komt noch altyd ien kear yn de moanne yn St-Anne", seit Janneke de Haan.