Anneke Douma PvdA-listtriuwer gemeenteriedferkiezings

17 jun 2017 - 16:20
Anneke Douma, listtriuwer PvdA - Foto: Twitter, PvdA Leeuwarden

Sjongeres Anneke Douma is by de kommende ferkiezings listtriuwer foar de PvdA yn Ljouwert. Dat is sneon bekend wurden. Douma stiet op it 32e plak. Earder stie se ek op it lêste plak op de list foar de FNP.

De Ljouwerter PvdA-list is fierder net feroare: listlûker is Lutz Jacobi, sittende wethâlders Sjoerd Feitsma, Henk Deinum en Andries Ekhart stean op 2, 3 en 4. De kommende gemeenteriedsferkiezings binne yn novimber.

(advertinsje)
(advertinsje)