Marcel Keizer wurdt definityf nije trainer fan Ajax

17 jun 2017 - 16:14
Marcel Keizer - Foto: Martin de Jong

De beneaming fan Marcel Keizer as nije trainer fan Ajax is definityf. De âld-spiler en âld-trainer fan Cambuur tekenet in kontrakt foar twa jier yn Amsterdam. Keizer wurdt by Ajax de opfolger fan Peter Bosz dy't takom jier de nije trainer fan Borussia Dortmund yn Dútslân is.

Keizer wie ferline jier trainer fan Jong Ajax. Mei dy ploech waard er twadde yn de Jupiler League. Yn it seizoen 2015-2016 folge Keizer healwei it seizoen Henk de Jong op as trainer by Cambuur. Hy koe de ploech doe net behâlde foar de earedifyzje.

As spiler kaam Keizer tsien seizoenen út foar de Ljouwerter klup. Dat wie yn de perioade 1989-1998. Hy spile yn dy perioade 282 kompetysjeduels en skoarde dêryn 34 kear.

(advertinsje)
(advertinsje)