UPDATE: Scooterrider ferstoarn nei ûngelok De Westereen

17 jun 2017 - 16:40

In bestjoerder fan in scooter is sneontemiddei ferstoarn nei in botsing mei in auto oan de Salomon Levystrjitte yn De Westereen. De man waard efkes foar ien oere middei net goed en botste tsjin in stilsteande auto oan.

De ambulânse, brânwacht en in traumahelikopter waarden oproppen om medyske help te ferlienen. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht, mar dat mocht net mear helpe. 

Trefwurden: 
ûngelok De Westereen
(advertinsje)
(advertinsje)