Van Vuuren mei doarren leverje oan legerbasis Ramstein

17 jun 2017 - 13:05

Doarrefabrikant Van Vuuren Deuren út Grou hat in wichtige opdracht út Dútslân binnenhelle. It giet om it leverjen fan doarren foar de Amerikaanske legerbasis Ramstein by Kaiserslautern yn Súd-Dútslân. Ramstein is ûnderdiel fan de 3rd Air Force fan de Amerikaanske luchtmacht en is ek haadkertier fan it European Command. Van Vuuren is tige wiis mei de opdracht. 

Trefwurden: 
doarren Van Vuuren Grou
(advertinsje)
(advertinsje)