Marit Bouwmeester ûntbleatet eigen namme op sylsintrum Grou

17 jun 2017 - 12:49

It is al hast in jier lyn dat Marit Bouwmeester Olympysk goud wûn, mar de sylster wurdt no dan dochs huldige by har sylferiening KWV Frisia yn Grou. De feriening hat ta eare fan de Olympyske prestaasje fan de sylster it beslút naam om harren sylsintrum in nije namme te jaan. It sintrum hjit no offisjeel it Marit Bouwmeester Sylsintrum Grou.

De namme waard sneontemoarn bekend makke troch Bouwmeester sels. Se moast dêrfoar, mei help fan bern, har namme noch kompleet meitsje. De earste en lêste letters fan har foar en achternamme misten noch. Bouwmeester is fereare, mar fynt it ek wol wat in bysûndere en nuvere gedachte dat der no in gebou nei har ferneamd is.

"It fielt as oft ik gewoan dat famke bin út Warten dat silen hiel leuk fynt en dat it dit dan allegear losmakket, dat hast soms net iens yn de gaten. Mar it is wol moai", sa seit Bouwmeester.

(advertinsje)
(advertinsje)