Drokte by fertiliteitsklinyk yn Wolvegea nimt ta

De drokte by fertiliteitsklinyk Nij Barrahûs yn Wolvegea nimt ta. Hieltyd mear froulju dy't mar net yn ferwachting reitsje kinne, witte de klinyk foar fruchtberheid te finen. It sintrum siket nije spermadonoaren, tusken de 18 en 45 jier. Lykas lanlik is der yn Wolvegea ek krapte oan spermadonoaren.
Nij Barrahûs hâldt sneontemiddei iepen hûs omdat it fiif jier bestiet. Yn dy tiid is it tal meiwurkers ferdûbele fan sân nei fjirtjin, ûnder wa twa gynekologen en twa fertiliteitsdokters.Yn 2016 krige it sintrum foar de twadde kear op rige de Freya Award foar de meast pasjintfreonlike fertiliteitsklinyk fan Nederlân.
Nij Barrahûs is it iennichste fertiliteitssintrum yn Noard-Nederlân. Alle jierren hat de klinyk yn Wolvegea sawat trijehûndert froulju yn behanneling. Sûnt ferline jier hat de klinyk ek sels in donoarebank. Earder hellen se de sperma út Dútslân en Denemarken.